Fytsedieven naaie mei de auto út

08 apr 2016 - 21:32

Twa Ljouwerters binne tongersdeitenacht oppakt foar it stellen fan in fyts. It duo smiet de fyts yn Dokkum yn 'e auto en naaide dêrnei út. De plysje kaam de twa by Hurdegaryp op it spoar. De auto fan de fertochten waard oan de kant setten.

By de kontrôle fûn de plysje de stellen fyts op de achterbank fan de auto. De plysje hat de Ljouwerters meinaam nei it plysjeburo en proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
fytsedieven stellerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)