Skûtsje Stêd Dockum doopt troch boargemaster Waanders

08 apr 2016 - 20:29

It skûtsje fan Dokkum is freedtemiddei offisjeel doopt. Boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel en Adje de Admiraal, de maskotte fan de Admiraliteitsdagen, dienen de doop. Inkelde tsientallen minsken wienen by feestlikheden by it Hellinghûs. Dêr oerlange Romke Postma ek in replika fan it skûtsje oan skipper Jelmer Bloembergen.

De inisjatyfnimmers fan Stêd Dockum hawwe lang foar de komst fan it skûtsje striden. It skûtsje docht dizze simmer ek mei oan de IFKS, yn de C-klasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)