GrienLinks wol provinsjaal geurbelied tsjin stjonkerij

© ANP
GrienLinks pleitet foar in provinsjaal geurbelied, lykas Noard-Brabân en Gelderlân hawwe. No meie gemeenten dat noch sels bepale. Yn it geurbelied wurde regels opnaam oer geuroerlêst dy't (boere)bedriuwen feroarsaakje.
Yn Fryslân hawwe bygelyks Menameradiel en De Fryske Marren hjir al in belied foar makke. GrienLinks wol dat dit no provinsjaal fêstlein wurdt, om't hieltyd mear gemeenten hjirmei te krijen hawwe.