Skipswerf Thecla Bodewes mei net allinnich efternamme brûke
Skipswerfeigener Thecla Bodewes mei har efternamme net brûke as namme foar har skipswerven. Dat meldt RTV Drenthe. De rjochter stiet wol ta dat se har foar- én efternamme brûkt. Oanlieding foar it koart pleit wie dat Thecla Bodewes de nammen fan har werven yn Harns, Meppel, Hasselt en Kampen feroarje wol.
Se woe alle werven har efternamme jaan. In fier famyljelid fan har hat lykwols Bodewes Shipyards yn Hoogezand oprjochte. Hy wie benaud foar betizing oer de namme. De rjochter gong dêr foar in part yn mei.
As Thecla Bodewes har foar- én efternamme brûkt, mei dat wol. Dit hie se yn it koart pleit sels ek al foarsteld as oplossing. Hâldt Thecla Bodewes har net oan de útspraak, dan moat se in boete fan 10.000 euro deis betelje.