Flater yn Noardwâlde mei stimmen referindum

08 apr 2016 - 17:21

De gemeente Weststellingwerf hat woansdei in flater makke by it referindum oer it assosjaasjeferdrach tusken de EU en de Oekraïne. By it tellen fan de stimmen op it stimburo Noardwâlde-Súd binne alle 252 útbrochte stimmen nammentlik as in foarstim registrearre en oan it Centraal Stembureau trochjûn. No docht lykwols bliken dat yn werklikheid mar 83 foarstimmen teld waarden en leafst 169 persoanen in tsjinstim útbrochten.

"Beskamsum mar minsklik falen"

Neffens wurdfierder Maarten Hoekstra fan Weststellingwerf leit de fout by de foarsitter fan it stimburo. Dy hat wol de stimmen korrekt teld, mar de úteinlike útslach ferkeard skreaun op it saneamde proses-ferbaal dat nei it Haadstimburo yn Ljouwert stjoerd is. Hoekstra sprekt fan in beskamsum, mar minsklik falen.

De gemeente sels kin de ferkearde útslach lykwols net mear goed meitsje. It lanlik Centraal Stembureau moat útmeitsje oft de ûntsteane situaasje korrisjearre wurde kin oft dat yn it slimste gefal nije ferkiezingen útskreaun wurde moatte. Tsjin de foarsitter fan it stimburo wurde fierder gjin dissiplinêre maatregels nommen.

Trefwurden: 
telflater stimburo referindum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)