Taskôger Harkemase Boys krijt fjildferbod foar apelûden

Skiedsrjochter Gert Keijl en Pernelly Biya fan VVOG nei it ynsidint © AW Foto
De taskôger fan De Harkema dy't VVOG-spiler Pernelly Biya begjin maart misledige, mei fan de KNVB fiif moannen net op in fuotbalfjild komme. De man makke yn de wedstriid fan Harkemase Boys tsjin VVOG apelûden rjochting Biya. De wedstriid waard dêrop stillein. Biya die in pear dagen letter oanjefte fan rasisme. Beide klups hawwe ek aksjes hâlden tsjin rasisme nei oanlieding fan it ynsidint.
De man krijt it ferbod fan fuotbalbûn KNVB. Dy kaam ta dizze straf nei ûndersyk en petearen mei de klups en tsjûgen. De straf gie 11 maart al yn.
Yn de fiif moannen mei de man net op in fuotbalfjild of by in sealfuotbalwedstriid komme. Ek mei er gjin bestjoersfunksjes útoefenje by fuotbalferieningen.