"Tytsjerksteradiel makket kwealik wurk fan doarpsfyzjes"

08 apr 2016 - 13:19

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Tytsjerksteradiel hâldt him kwealik of net oan syn belofte om doarpsfyzjes mear te brûken foar it belied fan de gemeente. Dat stelt de rekkenkeamerkommisje fan dy gemeente.

Hast alle doarpen fan Tytsjerksteradiel hawwe in eigen doarpsfyzje, mei dêryn plannen foar de takomst. Doe't de rekkenkeamerkommisje dêr yn 2012 ûndersyk nei die, sei it kolleezje ta om de ferskate fyzjes better te brûken by it gemeentlik beleid.

Sa soene de doarpen harren plannen yn de gemeenteried presintearje kinne, soe it kolleezje brainstoarmbyienkomsten organisearje mei de doarpen en soe it mear omtinken jaan oan in goede ynhâldlike reaksje. Dêr is lykwols neat of hast neat fan op de hispel kaam.

It rapport mei de konklúzjes fan de rekkenkeamerkommisje wurdt 21 april bepraat yn de gemeenteried.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)