Ympasse yn plannen foar in azc yn Wytmarsum

It kleaster yn Wytmarsum © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
De kâns is grut dat de ried fan de gemeente Súdwest-Fryslân op 21 april debattearje sil oer de plannen foar in azc yn Wytmarsum. Op dit stuit sit de planfoarming foar opfang yn in ympasse en is it kolleezje dwaande te sjen hoe't se fierder gean sille mei it pleatsen fan in azc yn it doarp.
De wjerstân yn it doarp tsjin grutskalige opfang fan asylsikers is grut. De measte riedsfraksjes wachtsje no ôf mei hokker foarstel it kolleezje komt en wolle dat yn it iepenbier besprekke yn in riedsgearkomste.
Kolleezjefoarstel
Tongersdeitejûn binne alle fraksjes troch boargemaster Apotheker bypraat oer de stân fan saken. Kommende moandei wurdt de aginda foar de riedsgearkomste fan 21 april fêststeld. De measte fraksjes gean der fanút dat dan it kolleezjefoarstel bepraat wurde sil. Offisjeel kin it kolleezje selsstannich in beslút nimme oer de pleatsing fan opfang.