FSU Jongerenteam wint lanlike sjuerypriis

08 apr 2016 - 12:33

It FSU Jongerenteam hat de lanlike sjuerypriis 'Cliënt in Beeld' wûn. Dy priis is tongersdei útrikt op in lanlik kongres yn Nieuwegein. FSU stiet foar Fries Samenwerkingsverband Uitkeringsgerechtigden. It FSU Jongerenteam jout advys en help oan jongeren oant 27 jier yn Fryslân. Dat kin te krijen hawwe mei útkearingen, hier, stúdzjefinansiering, rjocht op wurk en skulden. It team jout ek in soad foarljochting oer dy ûnderwerpen oan jongeren.

De priis bestiet út in keunstwurk en in jildbedrach fan 2500 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)