Programma Befrijingsfestival Fryslân is kompleet

Befrijingsfestival fan boppen
It programma foar it Befrijingsfestival Fryslân is kompleet. Afterpartees, Twarres en Hûnekop sille optrede by it festival. Earder makke de organisaasje bekend dat op it haadpoadium ûnder oaren Miss Montreal en Danny Vera optrede. Piter Wilkens is dit jier de Fryske Ambassadeur fan de Frijheid.
It Befrijingsfestival Fryslân fiert dit jier 71 jier frijheid. Der binne mear poadia as allinnich it haadpoadium. Der is in saneamde 'Talent Stage', mar ek in 'Dancestage' op it Mata Hariplein.