"Lytse opfang fan statushâlders is goed foar doarpen"

Lytsskalige húsfêsting fan flechtlingen mei in ferbliuwsstatus yn doarpen yn Fryslân is net allinnich goed foar flechtlingen mar kin ek bydrage oan fersterking fan it libben yn in doarp. Dat sei Jaap Vellenga fan Stichting flechtlingewurk tongersdeitejûn yn Jirnsum by in gearkomste oer opfang fan statushâlders yn Fryske doarpen.
Sa'n 60 belangstellenden kamen dêrop ôf. Yn hiel Nederlân wachtsje sa'n 16.000 statushâlders yn asylsikerssintra op in hûs. Dus opfang is hurd nedich. De jûn waard organisearre troch de stichting Doarpswurk.