Archeologyske fynsten dien op terrein Sinnegreide Bûtenpost

Op it terrein by Bûtenpost dêr't de gemeente in fjild mei sinnepanielen oanlizze wol, binne fynsten út de stientiid fûn. Dat betsjut dat der oant fyftich sintimeter neat yn de grûn setten wurde mei, want dat kin dy fynsten fersteure. De normale fundearring fan sinnepanielen stekt 1 meter 40 djip.
Neffens duorsumensburo Ekwadraat kin it probleem oplost wurde troch net mei peallen te wurkjen, mar mei grutte betonnen blokken, dêr't de sinnepanielen op fêst makke wurde.
De saneamde Sinnegreide wurdt fyftjin bunder grut en komt yn in stik greide by bedriuweterrein 'De Swadde'. De gemeente siket no in partij dy't de Sinnegreide eksploitearje wol.