Studinten Snits hâlde benefytdiner foar Milou Bosscher

Studinten fan ROC Friese Poort yn Snits hâlde tongersdeitejûn in benefytdiner foar Milou Bosscher. Milou is trettjin jier en wie in grut turntalint. By in ûngelok op it NK trampolinespringen foar klupteams rekke se slimferwûne. It gefolch dêrfan is dat se no in dwerslesy hat.
De studinten lûke har lot oan en wolle mei it diner jild ynsammelje en hoopje dat se dêrmei it libben fan Milou wat makliker meitsje kinne. It diner fynt plak yn restaurant NU fan ROC Friese Poort yn Snits. It 6-gongen diner kostet 50 euro, ynklusyf drankjes.
Dêrfan giet 34 euro nei de Stichting Milou.