Oenemastate op It Hearrenfean wurdt stedshotel

It Hearrenfean krijt in stedshotel. Hoareka-ûndernimmers Luberto Agricola en Geert Bosman hawwe it histoaryske gebou Oenemastate yn it sintrum fan It Hearrenfean kocht. Yn it gebou fan 1640 sit al in grand-kafee. Dat wurdt nei de simmer útwreide mei tolve hotelkeamers.
De ûndernimmers tinke dat de hotelkeamers in gat yn de merk binne, omdat der gjin oare hotels binne yn it sintrum fan It Hearrenfean. De ferbouwing fan Oenemastate kostet sa'n 8 ton. Hoefolle de ûndernimmers foar it monumint sels betelle hawwe, wolle se net kwyt.
It grand-kafee yn Oenemastate, dat ek fan Agricola en Bosman is, wurket sûnt in skoftke mei Frysktalige menukaarten. It giet om in kaart foar it middeisiten, in kaart foar it jûnsiten en in aparte flaubytkaart foar buorrelhapkes. Wa't Frysk praat, krijt fan de meiwurkers automatysk in Frysktalige menukaart oanbean.
Neffens ûndernimmer Luberto Agricola binne de reaksjes op de Fryske kaarten tige posityf. Foar gasten fan bûten Fryslân binne der ek kaarten yn it Nederlânsk, Dútsk en Ingelsk.