Ferry Doedens krijt nije kâns mei RTL-searje 'Nieuwe Tijden'

07 apr 2016 - 17:10

Akteur Ferry Doedens út Drachten hat in rol krigen yn de nije RTL-searje 'Nieuwe Tijden'. Dit is in projekt fan RTL4 en Videoland en begjint op 4 july. De searje wurdt makke troch deselde produsinten as 'Goede Tijden, Slechte Tijden'.

Ferry Doedens ferdwûn njoggen moanne lyn fan it skerm fanwegen syn drugsferslaving. Neffens RTL wie der net mear mei him te wurkjen. De akteur is doe oan in ôfkickprogramma begûn. De earste ôfleverings fan de nije searje binne yn de simmerstop fan GTST te sjen.

As dat programma wer begjint, is 'Nieuwe Tijden' allinnich te sjen by Videoland. De searje spilet him ôf yn in studintehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)