Epke Zonderland docht mei oan Olympyske testwedstriid yn Rio

07 apr 2016 - 16:17

Epke Zonderland docht toch mei oan de Olympyske testwedstriid, dy't op 16 april yn Rio de Janeiro hâlden wurdt. De turner is noch hieltyd oan it weromkommen nei in operaasje oan syn byholten. Dat herstel gie folle stadiger as ferwachte.

Ferline wykein hat er by de turnynterlân tsjin Frankryk oanpaste oefeningen draaid en dat gie goed. De ploech dy't nei de testwedstriid giet, bestiet neist Epke Zonderland út de turners Deurloo, Bletterman, Rijken, Schmidt en Wammes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)