Aldeberkeap hat restaurearre kanon wer werom

07 apr 2016 - 16:13

It kanon fan Aldeberkeap stiet wer te plak nei in restauraasje. It kanon waard yn 1979 fûn, it hie doe iuwen ûnder in laach grûn lein. Twa jier letter kaam it yn Aldeberkeap te stean. It hat no in healjier fan syn plak ôf west foar in opknapbeurt.

It houtwurk is ferfongen en de nauwen en speaken yn it tsjil binne makke of ferfongen as dat nedich wie. De loop is tichtmakke, sadat it waar der net sa maklik yn komme kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)