Alden De Fryske Marren skriuwe brânbrief oan Den Haag

07 apr 2016 - 15:33

Alden út de Fryske Marren mei bern op it spesjaal ûnderwiis dogge in berop op alle leden fan de Twadde Keamer om de problemen mei it learlingeferfier op te lossen. Se skriuwe yn in brief oan de keamerleden dat se gjin gehoar krije by ferantwurdlik CDA-wethâlder Veltman.

De bern moatte har tsjinwurdich sammelje op opstapplakken, dêr't de bus of taksy komt dy't harren nei skoalle bringt. Alden fine dy plakken net feilich genôch en guon bern skamje har dat se dêr stean moatte.

It giet om in besunigingsmaatregel, mar de âlden tinke dat it allinne mar mear jild kostet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)