Walfiskkaak Skiermûntseach stiet wer te plak

07 apr 2016 - 15:05

De walfiskkaak fan Skiermûntseach is tongersdeitemoarn nei in grutte restauraasje wer op syn plak setten. It giet om de kaak fan in blauwe finfisk dy't yn 1950 sketten wie yn de Súdlike IIssee. In jier letter kaam er midden yn it doarp Skiermûntseach te stean.

Omdat er bot fertutearze wie, is de kaak yn jannewaris nei Amsterdam brocht, dêr't er troch in spesjalisearre bedriuw restaurearre is. Der is fan alles oan smoargens ôfhelle en der is in beskermjende laach omhinne kaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)