Sint-Nykster krijt 60 oeren taakstraf foar ûngelok

07 apr 2016 - 14:28

In man út Sint-Nyk hat in taakstraf fan 60 oeren krigen omdat er mei syn motor in ûngelok feroarsake hat. In racefytser rekke dêr swier ferwûne by. De man kaam by Sondel yn in ûnoersichtlike bocht op de ferkearde helte fan de dyk en skepte dêr de racefytser. Dy hie in rêchwringe en acht ribben stikken en hy rûn in klaplong op. De rjochter fûn dat de man út Sint-Nyk ûnfoarsichtich riden hie. De offisier fan justysje hie 90 oeren wurkstraf easke, wêrfan 30 oeren ûnder betingst, mar de rjochter fûn dat lêste net nedich.

Trefwurden: 
ûngelok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)