Wimpelaksje Marrekrite smyt mear jild op

07 apr 2016 - 13:49

De wimpelaksje fan rekreaasjeskip Marrekrite hat yn 2015 mear opbrocht. De aksje smiet goed 172.000 euro op, yn 2014 wie dat 155.000 De Marrekritewimpel is ferline jier wol twa euro djoerder wurden en kostet no fyftjin euro. De opbringst wurdt brûkt om oanlisplakken te ûnderhâlden. Ferline jier is bygelyks in tal âlde houten stegers tichtby de Grutte Wielen en Terherne ferfong troch eksimplaren fan recycle keunststof.

Trefwurden: 
Marrekrite
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)