"Fersetsmonumint Warkum moat ferljochte wurde"

07 apr 2016 - 10:58

Yn Warkum binne plannen om it fersetsmonumint yn de wyk Thomashof yn it ljocht te setten. It monumint is op it stuit yn it tsjuster fan de dyk ôf net te sjen. Soks soe ek de entree fan de wyk moaier meitsje. De gemeente hat it plan al goedkard en it enerzjybedriuw wol der ek oan meiwurkje. Der is noch wol tûzen euro nedich om de plannen út te fieren. De stichting 4 Mei-Herdenking Workum wol dêrom mei aksjes besykje it lêste part fan it jild byinoar te krijen. Minsken kinne jild oermeitsje om de stichting te stypjen.

Trefwurden: 
Warkum monumint
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)