Fryslân seit 'Nee' tsijn ferdrach Oekraïne, útsein Flylân

06 apr 2016 - 23:39

In romme mearderheid fan de Friezen is tsjin it assosjaasjeferdrach mei Oekraïne. 59,3 persint stimde 'Nee' by it referindum, 39,9 persint 'Ja'.

Allinnich yn de gemeente Flylân hat in grutte mearderheid foar stimd. De opkomst wie dêr ek frij heech, goed 47 persint. Gemiddeld wie de opkomst yn Fryslân goed 35 persint. Dat is heger as it lanlik gemiddelde fan 32 persint.

Dêrmei is it referindum jildich. It giet om in saneamd riedjouwend referindum. It kabinet moat no bepale wat se mei de útslach dogge.

Premier Rutte liet witte dat de ratifikaasje fan it ferdrach net samar trochgean kin, no't de opkomst fan 30 persint helle is. Hy wol no earst yn petear mei de leden fan de Twadde Keamer en ek op 'e nij om tafel mei de Europeeske Uny.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)