Famyljes fanút Amearika nei in iuw wer werom yn Hichtum

06 apr 2016 - 22:52

Hûndert jier ferlyn stutsen de famyljes Namminga en Hiemstra fan Hichtum de oseaan oer, troch in flinke stoarm, op wei nei Amearika. Woansdeitejûn wiene alve neikommelingen wer werom yn it doarpke dat harren foarâlden efterlieten.

Yn it tsjerkje fan Hichtum wie in muzikale foarstelling fan it bysûndere libbensferhaal fan Nanno Hiemstra en syn famylje. Hylke Speerstra lies foar út syn boek de Treastfûgel, wêryn hy de dramatyske libbensrin fan Nanno beskreau.

Nanno stapte as lyts jonkje op de boat. En Amearika wie net daliks it paradys wat se tocht hiene. It libben wie hurd en dreech. Yn 1945 kaam Nanno as jonge feint wer werom om te fjochtsjen tsjin de Dútsers yn de Twadde Wrâldoarloch.

It boek fan Speerstra is oerset yn it Ingelsk. Foar de bern en bernsbern fan Nanno. Nanno sels is ferline jier ferstoarn mar syn frou Alice en dochter Debbie wiene der wol by. "De oandacht foar myn man en ús ferhaal is oerweldigjend", sei Alice Hiemstra. "We ha in soad meimakke en belibbe. En ik fyn it moai dat dat oantinken op dizze wize bliuwt."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)