Autisme Kafee yn Burgum presintearret spesjaal spul

06 apr 2016 - 22:35

Yn Burgum is woansdei it boerdspul Autastica presintearre. It is betocht troch Autisme Kafee Tytsjerksteradiel. Doel fan it spul is dat bygelyks dosinten, sportleararen en amtners mear kunde en begryp krije foar minsken mei autisme. It spul bestiet út trije rûtes mei allegear mearkeuzefragen en iepen fragen oer autisme.

It Autisme Kafee is ien fan de 32 organisaasjes dy't jild krigen hat fan soarchfersekerder De Friesland. Ferline jier hie De Friesland harren 200-jierrich jubileum.

Minsken mei ideeën dy't neffens de soarchfersekerder in positive feroaring meibrochten, koene 5000 euro winne. It Autisme Kafee hie dus sa'n idee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)