Soad oanmeldingen foar advysgroep oer azc Harns

In grôtfol Trebol op byienkomst oer azc yn Harns © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Al mear as tweintich minsken hawwe harren oanmelden foar in advysgroep oer in azc yn Harns. Dat makke wethâlder Hein Kuiken woansdeitejûn bekend yn de gemeenteriedskommisje. It kolleezje wol de stim fan de ried en befolking swier wage litte yn harren beslút.
In advysgroep mei ferskate minsken út de mienskip moat derfoar soargje dat de komst fan it azc in grutter draachflak krijt en saken yn goede banen laat wurde.
Op de gearkomste foar ynwenners fan Harns, ôfrûne tiisdei, melden harren fuortendaliks al mear as tweintich minsken. De wethâlder tinkt dat dit oantal noch oprinne sil.
Kommende moanne moat der in beslút naam wurde oer de komst fan in azc foar 300 asylsikers. As lokaasje hat it kolleezje it Balkland op it each. Der binne noch in soad fragen oer, om't dit terrein njonken de sportfjilden fan Harns leit. Guon minsken hawwe soargen oer de feiligens.