KNVB skorst Robin Huisman de Jong fan Harkemase Boys

© Omrop Fryslân
Fuotbalbûn KNVB hat Harkemase Boys-spiler Robin Huisman de Jong foar fiif wedstriden skorst. Dêrfan binne der twa ûnder betingst. Dat betsjut dat de ferdigener de lêste twa kompetysjeduels fan dit seizoen noch meidwaan kin. Neist de straf fan de KNVB hie Harkemase Boys al in jildboete oplein oan Huisman de Jong.
Huisman de Jong spile op 13 maart mei it tredde alvetal fan Black Boys en dat mei net, om't er spiler is fan Harkemase Boys. De skorsing betsjut dat Huisman de Jong de wedstriden tsjin AZSV, CSV Apeldoorn en Urk misse moat.
Der is in kâns dat dêr ek de kampioenswedstriid tusken sit. De Harkiten steane mei noch fiif wedstriden te gean tsien punten foar op nûmer twa Staphorst.