VVD wol Biltdiken net as beskerme doarpsgesicht

It oanwizen fan de Biltdiken as beskerme doarpsgesicht moat weromdraaid wurde. Dat freget de VVD yn de Twadde Keamer, yn in moasje dêr't takom wike tiisdei oer stimd wurdt.
Neffens de VVD hawwe benammen boeren grutte soargen oer it oanwizen fan de beskerme status, omdat se tinke dat útwreiding fan har bedriuw dêrtroch lestiger wurdt. Earder hat de VVD yn de Twadde Keamer dêr ek al skriftlike fragen oer steld. Doe binne gemeente en provinsje opnij yn oerlis gongen. De VVD fynt dat it stânpunt fan de gemeenteried swier wage moat.
De ried wie tsjin de oanwizing. Yn de nije omjouwingswet, dêr't de beskerming fan steds- en doarpsgesichten in ûnderdiel fan wurdt, is oerlis en partisipaasje just in wichtich útgongspunt, sa seit de VVD.