Waadfûns jout hast 3 miljoen euro foar restauraasje bunkers

It Kazemattemuseum yn Koarnwertersân © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
It opknappen en yn eare werombringen fan de observaasjebunker yn it bûtendyks lân by Ferwert en de kazematten by de Ofslútdyk binne in flinke stap tichteby kommen troch in bydrage fan hast 3 miljoen euro fan it Waadfûns. De âlde observaasjebunker en de kazematten meitsje diel út fan de saneamde Atlantikwall.
In oantal noardlike organisaasjes hat in plan makke om dy de âlde ferdigeningswurken te restaurearjen. Dy lizze ek bûten Fryslân, bygelyks yn Den Helder en op Teksel. It hiele projekt kostet 4,4 miljoen euro.
De Atlantikwall is in Dútske ferdigeningsliny, dy't tusken 1942 en 1944 opboud waard oan de hiele westkust fan Europa. Earder hat it Waadfûns al jild jûn foar it opknappen fan de bunkers op de Waadeilannen.