GGD Fryslân ûndersiket sûnens ûnder Fryske jongerein

06 apr 2016 - 12:02

GGD Fryslân docht yn april en maaie ûndersyk nei de sûnens en libbensstyl ûnder de jongerein fan 12 oant 18 jier yn ús provinsje. De GGD hat in groep jongerein selektearre dy't middels in digitale fragelist ynsjoch jouwe yn tema's lykas alkoholgebrûk, smoken, fieding, sporte, peste en it brûken fan ynternet. De GGD hâldt dit ûndersyk elke fjouwer jier.

De útkomsten wurde brûkt om gemeenten en it ûnderwiis advys jaan te kinnen hoe't se de sûnens en it wolwêzen fan de jeugd ferbetterje kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)