Fryske sjauffeurs hawwe ek hinder fan blokkaden yn Walloanië

Fryske transportbedriuwen hawwe ek lêst fan de blokkaden yn Walloanië. De bedriuwen moatte rekken hâlde mei ladingen dy't net of folle letter oankomme by de klant. En sjauffeurs moatte rekken hâlde mei langere reistiden of hinder troch blokkaden. Sa stiet sjauffeur Sander Sipma fan De Vries en zn Hallum sûnt healwei seizen stil deunby Bastogne. Sipma ferwachtet dat er yn elk gefal oant twa oere woansdeitemiddei noch stil stiet.
Mear as fjouwer oeren stil
Net allinne De Vries en zn hat oerlêst, ek twa sjauffeurs fan Brant Visser hawwe moandei en freed mear as fjouwer oeren stil stien. Dit om't Waalske sjauffeurs protestearren tsjin de ynfiering fan de tolheffing foar frachtweinen op de Belgyske diken. Op dit stuit binne der 25 blokkaden, earjuster wiene dat der noch tsien.