Prins Carlos hâldt fiifde Rede fan Fryslân

Prins Carlos de Bourbon de Parma hâldt op 25 maaie de fiifde Rede fan Fryslân. De prins sil prate oer sirkulêre ekonomy. Deryn stiet it op 'e nij brûken fan guod sintraal. De prins is foarsitter fan it Insid, in ynstitút foar duorsume ynnovaasje. Under de rede sil de prins fertelle wat de rol fan Fryslân hjir yn wêze kin.
Eardere sprekkers wiene CPB-direkteur Coen Teulings, VNO/NCW-foarsitter Bernard Wientjes, âld-twadde keamerfoarsitter Gerdi Verbeet en sjoernalist fan it jier Olaf Koens. De rede yn it provinsjehûs is in inisjatyf fan de kommissaris fan de Kening John Jorritsma.