''Gemeenten moatte gau oplossings foar statushâlders fine''
Fryske gemeenten moatte gau mei oplossings komme foar it húsfestjen fan statushâlders. Dat seit boargemaster Tjeerd van der Zwan as foarsitter fan de taskforce statushâlders fan de Feriening Fryske Gemeenten. Neffens Van der Zwan binne der yn 2015 yn Fryslân 100 statushâlders te min húsfeste, lanlik giet it sels om 16.500. Dizze minsken wurde opfongen yn asylsikerssintra en hâlde plakken fan flechtlingen beset.
Djoerder
De opfang is ek djoerder. Der binne op himsels huzen genôch, mar dy binne net geskikt foar de opfang fan statushâlders. Yn de measte gefallen giet it nammentlik om allinnichsteande heiten, dy't wachtsje op harren famylje. Dy proseduere kin wol twa jier duorje.
Geskikt
Neffens Van der Zwan moatte huzen en sloopwenten no geskikt makke wurde foar de opfang fan dizze groep. In oare oplossing is dat gemeenten grûn beskikber stelle foar tydlike wenningen.