Drankrider rekket rydbewiis kwyt yn Ljouwert

06 apr 2016 - 09:36

De plysje yn Ljouwert hat tiisdeitenacht in 46-jierrige Ljouwerter oanhâlden foar it riden ûnder ynfloed fan alkohol. Plysjes koenen de man nei in melding oanhâlde by de Kanaalwei yn de stêd. Om't de bestjoerder net reagearre op it stopteken, waard de Ljouwerter klem riden troch in oare plysje-auto.

De man waard oanhâlden foar it riden ûnder ynfloed fan alkohol. Ek die bliken dat de man noch in rydferbod hie. It rydbewiis fan de man is ynfoardere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)