Kollum: ''Tradysje''

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.
''De FNP hat my net ferteld wat ik hjoed stimme moat. De FNP is wol tsjin permaninte grinsbewaking yn Europa. De FNP fynt it dus goed dat alle flechtlingen samar yn Fryslân komme kinne. Wylst krekt dizze provinsje sa alderheislikst oan it griemen is mei dy flechtlingen. Nim fan 'e wike. Yn Harns ynienen in AZC. Der waard binnen in dei al in klankboerdgroep oprjochte. Gewoan in oare namme foar in tsjingroep. Yn Snits wienen se fergetten dat as je in AZC ha wolle, dat der dan ek heipeallen yn ’e grûn moatte. Alles seis wike letter dêre. Krekt as dat Marrelân ynienen in taseine steiger yn Lemmer net op ’e tekening setten hie. Ach, dan wurdt it in jier letter. Dat is gewoan narjen. As ik Lemster wie woe ’k nei Súdwest-Fryslân ferhúzje. No, dêr kom ik wer werom fanwegen de AZC’s. Wytmarsum. Allegearre kompleminten hân fan de boargemaster. Sa’n netsjese enkête. Elk hie meidien. Sa’n behearste diskusje. Mar alles wat Wytmarsum leaver net woe, giet dochs gewoan troch, 200 lju yn it kleaster. Begryp my goed, prima, mar ik wenje net yn Wytmarsum. Der wie dochs sein dat der rekken hâlden wurde soe mei it tinken fan de befolking. Sis dat dan net. No en yn Ljouwert hat WTC hotelkening Harry Westers nota bene in rjochtsaak tsjin de opfang yn Heliconstate. Om't hy it gjin gesicht fynt dat dy lju foar syn doar lâns rinne. No Harry, dy lju protestearre om't se sok min iten krije, en dêr kinsto wol wat oan dwaan. Doch dy doar mar iepen, kin se by dy moai efkes goed ite.
Mar om dit soarte saken is de FNP net tsjin de permaninte grinsbewaking. Nee, de FNP fynt dat Euopa it flechtlingeprobleem mienskiplik regelje moat. Lannen moat net op eigen manneboet oan de slach. Da’s dochs de omkearde wrâld dat krekt de FNP, dé tradysje fan eigen Frysk foech, net wol dat oare lannen op eigen manneboet wat dogge. It moaiste is noch dat se sizze dat grinskontrôles in soad fertraging opsmite en dat soe skealik wêze foar Fryslân yn wurk en toerisme. No dan wit de FNP dus gjin soademiter fan de ekonomyske posysje fan Fryslân, dat mei de eksport krekt in soad gebieten bûten Europa brûkt. En as dy toerist yn Roemenië efkes wachtsje moat hinderet neat, dan kinne se fêst wenne oan Koarnwertersân. En oare brêgen.
Mar ik begryp it wol, ek de FNP hat it dreech mei de nije tiden. Dy sitte noch sa yn dat âlde knûkelige hokje fan de Europeeske Frije Alliansje, dat se net witte dat de wrâld feroaret. Fertize yn eigen tradysje.
Feroarje. Nije wegen. Soms krij je macht. Amerikaanske F16’s yn Ljouwert, sadat dat it earste mikpunt fan Poetin wurdt aanst. Of ûnmacht. Minsken dy’t oeren yn de rige stean moatte yn it sikehûs MCL en mar fuort geane om't de kompjûterjonkjes der in nij systeemke ynfiere woene. Mar je kin ek wille ha fan feroaringen. Ik lies dat de fuotbalklup fan Lippenhuzen in keunststofgersfjild krijt. Moai. Hoewol, de man dy’t dy fuotbalklup eartiids oprjochte hat, Thor, tot heil onzer ribbenkast, net sa ynnaam is mei keunststof. Want dat is Foppe de Haan.
Mar, wer werom nei Súdwest-Fryslân, Snits begrypt dat net alle tradysjes oerein bliuwe kinne. Sûnt 1814 wie de iepening fan de Snitswike yn de gemeentehûstún, mar dy stiet dan tsjintwurdich sa fol kommersjele drokte, dat se dat tenei mar yn teater Snits dogge. No, in pear fan dy âlde Snitswike mannen draaie har flokkend yn it grêf om, dit is tsjin alle tradysje. Mar mannen, de Snitswike is ek al lang gjin silen mear, it is inkeld sûpen.
Yn Dokkum sûpe se freed de drank net op, mar smite de flesse tsjin in skûtsje. De Stad Dockum. Moai, de IFKS krijt hieltyd mear plakken dy’t tsjin inoar sile, der krij je publyk fan. Inkeld dy flesse freed. Der sit ik wol wat mei. It skip is fan 1913, it wie de Goede Verwachting, letter de Jonge Blom. Klear. Je feroarje de namme, sette der stikem in oar boeisel op. Dat kin. Mar op 'e nij dope? Dat is tradisjoneel hielendal ferkeard, dat bringt bringt ûngelok yn de skipfeart. As it skip fan ’t simmer efteryn einiget witte jimme wer’t dat fan kaam is.''