Jonge út De Rottefalle oanhâlden foar bedriging
De plysje hat tiisdeitenacht in 17-jierrige jonge út De Rottefalle oanhâlden foar bedriging. De plysje krige in melding oer in bedriging yn in wenning oan de Engwerd yn Drachten. De fertochte wie útnaaid, mar waard letter yn it Van Haersmapark oanhâlden.
De jonge sit noch fêst foar fierder ûndersyk.