Sisca Folkertsma blinkt út yn wedstryd tsjin Tsjechië

Blidens by de fuotbalfroulju (argyffoto) © ANP
It Nederlânsk frouljusfuotbalteam mei spilers ûnder de 19 hat tiisdei mei grutte sifers it EK-kwalifikaasjeduel wûn fan Tsjechië. Yn Hengelo waard it 7-2. Al rillegau stie Nederlân mei 1-0 foar, troch in eigen doelpunt fan de Tsjechen. Topskoarder wie Sisca Folkertsma fan Sleat. Se makke yn totaal fjouwer doelpunten.
Folkertsma spilet yn kompetysjeferbân foar PSV, se hat earder foar Hearrenfean spile.
Kopposysje
Troch dizze oerwinning geane de Oranjefroulju oan kop yn it kwalifikaasjetoernoai. Finlân stiet op it twadde plak. Neffens trainer Jessica Torny is it in prima start fan it toernoai. ‘We speelden een goede eerst helft met een hoog baltempo en erg mooi spel over de flanken. In de tweede helft verslapten we waardoor we twee onnodige tegendoelpunten incasseerden. Die verslapping in het team moet eruit. Desondanks kijken we door de overwinning met veel vertrouwen uit naar de wedstrijd tegen de Wit-Russen.’
Wyt-Ruslân en Finlân
Kommende tongersdei is de twadde wedstriiyd foar de froulju ûnder de 19. Dan is Wyt-Ruslân de tsjinstanner. Snein 10 april is de lêste wedstriid, yn Eibergen, tsjin Finlân.