Bern meitsje keunstwurken yn SWF foar Kulturele Haadstêd

Mei de ûntbleating fan it wurd 'open', foarme troch bern, binne tiisdei de projekten foar Kulturele Haadstêd 2018 yn de gemeente Súdwest-Fryslân fan start gien. De kommende jierren moatte njonken de offisjele kulturele haadstêd Ljouwert ek tal fan oare Fryske plakken oan de slach om Fryslân kultureel yn Europa op de kaart te setten.
Yn Súdwest-Fryslân brûke se dêr ek benammen bern foar. Dy sille de kommende tiid mei keunstners oan de slach mei it útbyldzjen fan harren stêd of doarp.
De ynspannings moatte foar elk plak in grut keunstwurk opsmite dat minsken derfan oertsjûgje moat yn 2018 nei Fryslân te kommen. De keunstwurken moatte fan 't simmer klear wêze.