Súdwest-Fryslân nimt mear tiid foar útlis oer azc Wytmarsum

05 apr 2016 - 16:37

De gemeente Súdwest-Fryslân nimt wat mear tiid om mei dúdliker arguminten te kommen foar de plannen foar in azc foar twahûndert minsken yn Wytmarsum. De ynwenners fan Wytmarsum binne moandeitejûn op de hichte brocht fan it feit dat de gemeente de plannen trochset. Se binne teloarsteld.

Ut in enkête hat bliken hat dat in mearderheid tsjin de plannen is foar in azc foar twahûndert yn it eardere kleaster yn it doarp.

De gemeente set de kommende wike de arguminten op in rychje dy't de Wytmarsumers derfan oertsjûgje moatte dat in azc mei minder minsken net rendabel is. Súdwest-Fryslân wol fierders dúdlik meitsje dat de gemeente in ferantwurdlikheid hat as it giet om de opfang fan asylsikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)