Automobiliste kriget help en stelt beurs

05 apr 2016 - 15:44

De plysje fan Ljouwert siket in frou dy't mei in ferlechje yn in hûs kommen is en de 71-jierrige bewenner bestellen hat. Se belle moandeitenacht om fjouwer oere oan by in wente oan de Achter de Hoven. Se sei dat se sûnder benzine siet. Se woe graach belje om help te krijen. De bewenner liet har belje. Letter die bliken dat de bewenner syn beurs, telefoan, rydbewiis en paspoart mist.

De fertochte is in frou fan sawat 30 jier mei in rûn gesicht. Se hie donkere klean oan. 

De fertochte frou hie it earder ek besocht by in wente oan de Poppewei yn Ljouwert. De bewenster dêr fertroude it net en liet har der net yn.

Trefwurden: 
babbeltrúk stellerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)