Hessel Bouma nije foarsitter ried fan advys Kampus Fryslân

© ANP
Hessel Bouma fan Drachten is beneamd ta foarsitter fan de ried fan advys fan de Kampus Fryslân fan de Ryksuniversiteit Grins. Bouma is yn it deistich libben direkteur fan Limis yn Ljouwert, dat aktyf is op it mêd fan medyske ynnovaasjes. Dêrfoar wurke Bouma by Philips en Fokker en hy hat meardere bestjoerlike funksjes yn Noard-Nederlân. Hy is ek lid fan de ried fan tafersjoch fan de stichting University Kampus Fryslân.
De ried fan advys advisearret it bestjoer fan de Kampus Fryslân.