Fryske eksport foar mear as de helte bûten de EU

05 apr 2016 - 14:10

Fryslân eksportearret fan alle provinsjes it meast nei lannen bûten de Europeeske Uny. It giet om hast de helte fan alles wat eksportearre wurdt en dan benammen om suvelprodukten. Lanlik sjoen giet it om sa'n 28 persint oan eksport. Dat docht bliken út sifers dy't it CBS, it Centraal Bureau voor de Statistiek, tiisdei nei bûten brocht. In grut ekonomysk effekt, lykas de ôfskaffing fan it molkkwotum, is net meinaam yn it ûndersyk.

Molke en ierappels

Wichtige Fryske eksportprodukten dy't de Europeeske grinzen oer gean, binne kondinsearre molke fan FrieslandCampina en Hochwald en ierappels fan HZPC. Yn totaal is der yn 2014 foar 5 miljard euro eksportearre. Dat is minder as 1,2 persint fan de totale eksport yn Nederlân.

Trefwurden: 
export Fryslân CBS
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)