Undersyk gemeente Harns nei takomst fan Entrepotgebou

05 apr 2016 - 13:42

De gemeente Harns ûndersiket wat de gefolgen binne fan de finansjele problemen fan oannimmer Jurriëns foar de restauraasje fan it Entrepotgebou yn de Willemshaven. De Utrechtske restauraasjespesjalist hat útstel fan betelling oanfreegje moatten fanwege de finansjele problemen. Dy soene ûntstien wêze troch projekten dy't mei ferlies draaid binne.

De gemeente presintearre ferline jier in rêdingsplan foar it swier fertutearze Entrepotgebou. Dat moat in rol krije as ûntfangstromte foar minsken dy't mei in cruiseskip nei de havenstêd komme.

De restauraasje hie ein maart klear wêze moatten, mar earder waard al dúdlik dat dy datum net helle wurde koe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)