Hurdrider út It Hearrenfean rekket rydbewiis kwyt

05 apr 2016 - 12:19

In 58-jierrige hurdrider út It Hearrenfean is moandeitejûn yn Ruinen syn rydbewiis kwytrekke. De man ried mei 147 kilometer oer de N375, dêr't 80 kilometer it maksimum is.

It ferkearsteam fan de plysje sette de man oan de kant, wêrnei't syn rydbewiis fuortendaliks yn beslach naam is.

Trefwurden: 
Ruinen rydbewiis plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)