FSP: Fryske taal fan grut belang om echte Fries te wêzen

De Fryske taal en it ferstean dêrfan wurdt sjoen as in wichtige betingst om in echte Fries te wêzen en as part fan de Fryske identiteit. Dat docht bliken út it Frysk boargerpanel fan it Fries Sociaal Planbureau. Friezen binne wol ferdield oer it brûken fan de taal, bygelyks by it kiezen fan in nije namme yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling.
De leden fan it panel neame achttjin saken dy't wichtich binne foar de Fryske identiteit. De Alvestêdetocht, it lânskip en de taal stean boppe-oan.
De fuotbalklups SC Hearrenfean en SC Cambuur en it ljipaaisykjen stean ûnderoan it listje. In grutte mearderheid fan it panel is it der net mei iens dat Omrop Fryslân syn ûnôfhinklikheid kwytrekket oan de Regionale Publieke Omroep (RPO).
It Frysk Sosjaal Planburo dielt de Friezen yn yn trije ûnderskate kategoryen: grutske Friezen, beskieden Friezen en 'Nederlânske Friezen'. De lêste groep praat folle minder Frysk en fynt it ek minder nedich om de Fryske taal en identiteit út te dragen. De measte Friezen hearre neffens it Sosjaal Planburo ta de groep beskieden Friezen, ien op de trije pannelleden is in 'grutske Fries'.