Frou oanhâlden foar stellerij yn Ljouwert
In 21-jierrige frou út Ljouwert is moandeitemiddei oanhâlden foar stellerij út in winkel oan de Nijstêd yn Ljouwert. De frou hie tegearre mei in twadde fertochte guod stellen. De oare fertochte wist út te naaien, mar de plysje wit om wa't it giet.
De frou sit noch fêst foar fierder ûndersyk.