Gemeente Ljouwert ûnfeiliger wurden

De gemeente Ljouwert is it ôfrûne jier neffens de plysje mar ek neffens de ynwenners wat minder feilich wurden. Dat docht bliken út de jierlikse feilichheidsyndeks dy't boargemaster Crone moandei presintearre. De gemeente skoart yn it algemien in 7,16 op feilichheid, mar guon dielen fan de stêd skoare in ûnfoldwaande. Dat jildt foar de binnenstêd, ûnder oare fanwege drank- en drugsoerlêst, mar dat jildt ek foar de wyk Wielenpôle.
Yn dy wyk soarget in groep bewenners foar in soad oerlêst en dêrtroch binne der ek mear konfrontaasjes.
De plysje wie it ôfrûne jier ek drok mei oerlêst troch minsken dy't yn 'e war binne. It giet ferline jier om mar leafst 1230 ynsidinten, hast de helte mear as yn it jier dêrfoar. It giet om in grut probleem, fynt ek boargemaster Crone. De boargemaster wol dêrom graach mear foech hawwe om yn te gripen as dat nedich is. Neffens Crone is der ek ferlet fan in nij type opfang, dêr't minsken telâne kinne dy't tydlik wat mear begelieding of stipe nedich hawwe.
Noch in pear sifers út it feilichheidsrapport. Der waard ferline jier 828 kear ynbrutsen yn de gemeente Ljouwert. Dat is wat faker as yn 2014 (810 kear), mar wer folle minder faak as yn 2013, doe't der mear as tûzen ynbraken wiene. Neffens Crone is dúdlik te fernimmen dat in soad húseigeners wurk meitsje fan it foarkommen fan ynbraken.
Ek de jeugdoerlêst en de oerlêst troch drugs en drank naam ferline jier in bytsje ta. Der wiene 974 meldingen fan oerlêst fan jongerein. Dat waard benammen feroarsake troch acht groepen fan lestige jongeren. Der wiene ferline jier 648 meldings fan oerlêst troch drank of drugs. Ek dat is mear as yn 2014 (591 meldings). Troch de hurde oanpak fan de drugshannel yn de binnenstêd is de hannel no mear ferskood nei wenwiken (lykas de Wielenpôle). Saakkundigen neame dat it saneamde wetterbêdeffekt.