Minybibleteek al twa kear doelwyt fandalen

04 apr 2016 - 22:59

Foar it twadde wykein op rige binne alle boeken fan de minybibleteek fan Grou op strjitte smiten. It giet om de minybyb dy't by it Prinses Margrietkanaal stiet. Inisjatyfnimster Hanneke Anema baalt flink fan it fandalisme. In part fan de boeken is sa bot fernield dat se net mear brûkt wurde kinne. De minybyb is in kiste mei boeken dy't frij te brûken binne. It idee is dat minsken dy't in boek meinimme ek in boek ynleverje yn de kiste. Anema wol graach trochgean mei it inisjatyf.

Want nettsjinsteande it fandalisme fan de minybyb sjocht Hanneke Anema it noch hieltyd sitten mei har bibleteek. 'Ik ga uit van de goedheid van de mens. Iedereen mag er op eigen manier gebruik van maken, zolang de boeken er maar niet uit worden gegooid.'

Trefwurden: 
bibleteek fandalisme
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)