Ferkearsmaatregels foar spotters fanwege drokte by basis

05 apr 2016 - 06:00

Definsje en de gemeenten Menameradiel en Ljouwerteradiel ferwachtsje de kommende tiid safolle spotters dat besletten is om ekstra ferkearsmaatregels te nimmen by de doarpen Marsum en Jelsum. De maatregels gean woansdei yn. Se binne nommen yn oerlis mei de spotters fan de Aviation Group Ljouwert.

Mei de oefening Frisian Flag, de iepen loftmachtdagen en de komst fan de Joint Strike Fighter, wurdt 2016 in topjier foar de spotters by de Ljouwerter fleanbasis.

De maatregels bestean ûnder oare út in stop- en parkearferbod oan de Bitgumerdyk tusken Marsum en Ingelum, en snelheidsmaatregels by Jelsum. Fierders wurdt in populêr spottersplak tusken Marsum en Ingelum ôfsletten. De spotters oan de westkant fan de fleanbasis wurde trochferwiisd nei de spottersbult by Marsum.

Trefwurden: 
fleanbasis spotters
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)