COA kin úteinsette mei bou azc yn Snits

04 apr 2016 - 18:40

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân hat in omjouwingsfergunning ferliend foar in asylsikerssintrum yn de Noorderhoek yn Snits. It COA kin no úteinsette mei de bou fan it azc.

De omjouwingsfergunning jildt foar tsien jier. De oanfraach is oant 4 maaie yn te sjen. Dêrnei is de fergunning net mear werom te draaien en kin de bou begjinne. De oannimmer moat dêrfoar heie. Op de heipeallen sit in levertiid. Dêrtroch rint de bou fan in fertraging fan seis wiken op.

Trefwurden: 
AZC Snits COA Súdwest-Fryslân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)